Home   Fisitaasjeferslach

Fisitaasjeferslach

FISITAASJEFERSLACH STIFTING FRYSKTALIGE BERNE-OPFANG

ALGEMIEN
It Bernedeiferbliuw Op ús Pleats is in selsstannich plak. It sit yn in buorkerij oan de râne fan De Gerdyk. It is in agrarysk bernedeiferbliuw neffens de VAK formule (Verenigde Agrarische Kinderopvang). Dat betsjut dat der wat bysûnders tafoege wurdt oan de normale struktuer fan de dei. Op de buorkerij kinne bern yn alle rêst en romte mei inoar boartsje neffens it ritme fan de natuer.
Der binne hjoed 10 bern, tegearre mei Rinia en Alien. De 10 pjutten sitte yn de oare romte mei Tamara.
Om’t Daisy Put der op ‘e dei fan de fisitaasje net wie (fanwegen sykte), ha ik it neipetear hân mei har suster Maaike Put. Sy wurket no op de administraasje. We hawwe lokkich de wichtichste punten fan de fisitaasje beprate kinnen.

TAALBELIED
Op ús Pleats hat keazen foar twatalich belied wêrby’t alle meiwurkers it Frysk as fêste taal oanbiede. It Nederlânsk kriget in plak yn ôfbeakene taalaktiviteiten.
Foar stazjêres jildt: sy prate harren earste taal.
Oer de taal fan de deiritmeferskes is ôfpraat dat dy yn it Frysk songen wurde.
By de fisitaasje ha de liedsters my ferteld dat sy fan it begjin ôf entûsjast binne oer it twatalige belied en posityf oer it keazen taalmodel. Ik ha sels heare kinnen dat sy konsekwint neffens de ôfspraken wurkje, sy hâlde har konsekwint oan it Frysk en it Nederlânsk hat in fêst plak.
De âlden hawwe in (twatalige) brief meikrigen dêr’t it twatalich belied yn útlein wurdt.
Konklúzje

It taalbelied foldocht rom oan de easken foar nivo 1.

TAALOMJOUWING
De romte sjocht der skjin, ljocht en rom út. De romte is sa ynrjochte dat it goed mooglik is om “bûten” nei binnen te heljen. Dat is ek te sjen. Der stean kweekbakjes mei ferskillende plantsjes. De bern kinne sa fan alles mei nei binnen nimme.
Der hingje moaie wurkjes oan de line. Bern meie sels oanjaan as se in wurkje meitsje wolle.
Doe’t ik om 9 oere binnen kaam soenen se krekt oan tafel sitten gean: we sille fruitite. Til ik dij efkes  yn ‘e stoel. Sa beneame liedsters foar de bern de hannelingen dy’t se dogge. Rina lêst in boekje foar: Fan de lytse knyn dy’t Boe seit
De bern lústerje goed. Dêrnei wurdt der fruit iten. Ek dan wurde de hannelingen beneamd. Goed de mûle leechite, hear! Hâldst de beker goed rjocht? Oars rint it drinken derút.
Yn de rûmte is in oanrjocht dat brûkt wurdt troch alle groepen. Hjir wurdt der kofje set, broadsjes bakt en sa. It jout wat in húslik idee.
Fierder binne der hoekjes foar in bernewein. In hoekje mei boeken yn in kast. (Fryske en Nederlânsktalige boekjes)
Nei it fruititen krije guon bern in droege broek. Oaren geane earst nei de wc. Dernei geane se nei bûten. Se krije in reinbroek oan en in festje. Fia de achterdoar komme we yn de skuorre. Dêr stiet al it boartersguod foar bûten. It is te merken dat de bern in soad bûtenboartsje. Se hawwe dêr spesjale klean foar en de bûtenromte is ek hiel moai ynrjochte. Bern kinne dêr alle seizoenen belibje. Derneist binne der bisten: geiten, bargen, kninen, hinnen. Se moatte fersoarge wurde en de bern helpe derby. Sjoch mar efkes as der ek aaien binne. Wa wol noch mear efkes sjen? Welke knyntsjes moatte wetter hawwe. Sil ik de bargen wat jaan?
Hjoed wurde der ek in pear grienteplantsjes yn de grientetún plante. Bern dy’t dat wolle kinne meihelpe. Se binne fansels tige nijsgjirrich en rinne efter de liedsters oan. Ek de hiele lytskes yn de bernewein wurde meinommen. De liedsters beneame wer alle hannelingen.
Fierders is it bûtendoar hiel moai ynrjochte. Rûmte, mar ek smûke hoekjes. Beammen, struken en blommen. Bûten it stek it lân mei trekkers en bisten. Foar de allerlytsten binnen der spesjale bûtenledikantsjes.
Konklúzje

De taalomjouwing foldocht oan de easken foar nivo 1.
De romten en it programma binne sa ynrjochte dat de bern har allegear op eigen nivo boartsjendewei talich ûntwikkelje kinne.

PEDAGOGYSK TAALKLIMAAT
It is te merken dat de bern harren tige op har gemak fiele. Se sitte noflik byinoar. Se dogge de aktiviteiten goed mei.
Yn it pedagogysk klimaat fan deiferbliuw Op ús Pleats spilet de natuer in hiele grutte rol by spilet. Natuer bynt, jout bern de mooglikheid respekt foar inoar en de natuer te ûntwikkeljen.
De bern kinne harren eigen gong gean. Der wurdt “folgjend” wurke. De bern fine it hearlik en dat is te sjen oan it oandachtich boartsjen. Der wurdt wol neffens in bepaalde folchoarder wurke. Foar bern is dat fijn: sy hawwe struktuer nedich.
It falt op dat de bern allegear rêstich boartsje en yn harren spul opgean. Somtiden allinnich en dan wer mei inoar.
Konklúzje

It pedagogysk taalklimaat foldocht oan de easken foar nivo 1.

IT FOLGJEN FAN DE (TAAL-)ÛNTWIKKELING
De liedsters ha omtinken foar de taalûntwikkeling fan de yndividuele bern en hannelje der neffens. Se litte fannemoarn sjen dat se by tal fan bewuste en ynformele mominten mooglikheden sjogge en ek brûke om de bern te stimulearjen yn har ûntwikkeling.
Konklúzje

It folgjen fan de taalûntwikkeling foldocht oan de easken foar nivo 1.

EINKONKLÚZJE
Bij de fisitaasje hat bliken dien dat Op ús Pleats it earste nivo foar har twatalich belied helle hat.
Moai om mei te meitsjen hoe’t it twatalich belied sa natuerlik opnommen is yn it wurkjen mei de bern.